Urban X Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
De '''''Urban X Awards''''' binne in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste [[pornografyske film]]s op it mêd fan "etnyske" (dat wol sizze: net-blanke) [[pornografy]]. Dêrby giet it om pornofilms mei [[mongolide ras|Aziatyske]], [[negroïde ras|swarte]] of [[Latino's|Latynsk-Amerikaanske]] [[pornoaktrise|aktrises]], en yn it gefal fan [[ynterrasiale pornografy]] ek mei [[jeropide ras|blanke]] aktrises. Dizze prizen waarden yn [[2008]] oprjochte troch de [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaanske]] pornoregisseur [[Giana Taylor]]. De winners wurde keazen troch de fans op 'e webside stimme te litten.
 
De earste útrikking fan 'e ''Urban X Awards'', dy't doe noch fan '''''Urban Spice Awards''''' hieten, fûn plak op [[8 juny]] [[2008]] yn it ''Platinum Live'' yn Studio City te [[Los Angeles]], en waard presintearre troch de swarte pornoakteur en -regisseur [[Sean Michaels]] en aktrise [[Olivia O'Lovely]], dy't fan Latynsk-Amerikaansk komôf is. Sûnt is de útrikking altiten holden yn july yn Los Angeles. Yn [[2012]] waard it foar it earst útstjoerd op tillevyzjetillefyzje. Under de [[pornoaktrise]]s dy't alris in ''Urban X Award'' wûn hawwe, binne [[Kapri Styles]], [[Nyomi Banxxx]], [[Francesca Le]], [[Lisa Ann]] en [[Shyla Stylez]].
 
==Keppelings om utens==