Walt Disney: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 15:
Op [[21 desimber]] [[1937]] gie de earste jûnfoljende muzikale tekenfilm yn premiêre yn [[Los Angeles]]. De film wie produsearre foar mar leafst 1.199.000 dollars, wat foar dy tiid in slompe jild wie. Dy film, mei de namme [[Sniewytsje en de sân dwergen]], wurdt noch altyd sjoen as in monumint yn de filmyndustry. Yn de neikommende fiif jier waarden noch fjouwer fan soksoarte films útbrocht dy’t wrâldferneamd wurden binne: [[Pinokkio]], [[Fantasia]], [[Dumbo]] en [[Bambi]]. Yn [[1940]] waard Disney’s nije studio iepene yn Burbank. It waard in wurkplak foar mear as 1.000 minsken. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard 94 prosint fan de studio brûkt foar it regear, bygelyks om soldaten te trenen.
 
Yn 1954 begûn Disney ek te produsearjen foar de televyzjetelefyzje en brocht er as ien fan de earsten in programma op de merk wat hielendal yn kleur wie. Dit programma hjitte ''Wonderful World of Color''. De ''Mickey Mouse Club'' en [[Zorro]], dy't ek troch Disney makke waarden, waarden oer de hiele wrâld tige goed besjoen. Yn [[1955]] yntrodusearre Walt Disney wat hiel nijs: in pretpark mei de namme [[Disneylân]]. It park hat doedestiids 17 miljoen dollar koste, mar it is útgroeid ta ien fan de ferneamdste temaparken fan de wrâld en hie nei in perioade fan tritich jier al mear as 250 miljoen minsken fermakke. Yn [[1961]] sette Walt Disney in nij gearwurkingsferbân op mei The Los Angeles Consevatory of Music en it Chouinard Art Institute. Hy woe alle kreative en útfierende artysten les krije litte yn ien gebou. Hy hie in hiele nije benadering fan artistyk ûnderwiis. Walt sei hjir oer: "Ik wol wat efterlitte foar as ik der net mear bin. As ik helpe kin troch in plak te meitsjen dêr't it talint fan de takomst him ûntwikkelje kin, dan bin ik der tige grutsk op dat ik dat berikt ha."
 
[[Ofbyld:Disney1968.jpg|right]]