Egyptysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
| eigen namme = ''r n km.t''
| lânseigen yn = [[File:Flag of Egypt.svg|20px]] [[Egypte]]
| tal sprekkers = † ([[17e ieuiuw]] [[Koptysk]])
| skrift = [[hieroglifen]]
| taalfamylje = ● [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatysk]]
● [[Egypto-Hamityske talen|Egypto-Hamitysk]]
● '''Egyptysk'''
Rigel 15:

[[Ofbyld:Papyrus Ebers.png|left|thumb|250px|De ''[[Ebers-papyrus]]'', wêryn't de behanneling fan [[astma]] yn it Egyptysk út 'e doeken dien wurdt.]]
It '''Egyptysk''' (út [[hieroglifen|hieroglifysk skrift]] transliterearre as '''''r n km.t''''') is de âldst bekende [[taal]] fan [[Egypte]]. It is in lid fan 'e [[Egypto-Hamityske talen|Egypto-Hamityske]] tûke fan 'e [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatyske]] [[taalfamylje]], en is skriftlik oerlevere fan likernôch 3400 f.Kr. ôf, wat betider is as lykfol hokker oare taal, útsein it [[Sûmearysk]]. It Egyptysk wie de nasjonale taal fan it Alde Egypte ûnder de [[farao|farao's]], oant it ûnder de [[Ptolemiden|Ptolemidyske dynasty]] as bestjoerstaal ferfongen waard troch it [[Gryksk]]. It bleau lykwols de taal fan 'e grutte mearderheid fan it folk, oant it, nei de ferovering fan Egypte troch it [[Islamityske Ryk]] fan 'e [[tsiende ieuiuw]] ôf ûnder druk fan it [[Arabysk]] yn it neigean rekke, en úteinlik yn 'e [[santjinde ieuiuw]] as sprektaal útstoar.

Der wurde troch [[taalkundige]]n seis wichtige perioaden yn 'e ûntwikkeling fan it Egyptysk ûnderskaat:

Rigel 24:
● [[Nijegyptysk]], de taal fan 'e [[Tredde Tuskenperioade fan Egypte|Tredde Tuskenperioade]], mar al begjinnend fan 'e Amarnaperioade ôf (1353-700 f.Kr.);

● [[Demoatysk Egyptysk]], de taal fan 'e [[Lette Perioade fan Egypte|Lette Perioade]] oant de [[Romeinske Ryk|Romeinske Tiid]] (700 f.Kr.-100 n.Kr.);

● [[Koptysk]], it lêste stadium fan it Egyptysk, fan 'e [[twadde ieuiuw]] ôf (100-1700).

Dizze seis ûnderskate taalfoarmen wurde mei-inoar ek wol de [[Egyptyske talen]] neamd. It Koptysk is oant hjoed de dei ta de ([[deade taal|deade]]) [[tsjerketaal]] fan 'e [[Koptysk-Otterdokse Tsjerke]] en de [[Koptysk-Katolike Tsjerke]].