Ferskil tusken ferzjes fan "Dei fan de Arbeid"

Gjin feroaring yn grutte ,  4 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
Eardat 1 maaie as "Dei fan de Arbeid" bekend waard, gou it as in "fiering fan de maaiemoanne", ofwol in maitiidsfeest.
 
Oan de basis fan de 1 maaie-fiering as fiering fan de arbeidersbeweging leit de ynfiering fan de achtoerige wurkdei. [[Alfred de Grutte]] (848-899), kening fan it Ingelske [[Keninkryk Wessex|Wessex]], ferkundige foar it earst de gedachten oer in evenredige etmelferdieling. De eask om mar acht oeren deis te wurkjen waard yn de [[15e ieuiuw|15e]] en [[16e ieuiuw]] faak heard ûnder Ingelske ambachtslju.
 
Yn Frankryk krigen de mynwurkers troch [[Filips II fan Spanje|Filips de Twadde]], de acht-oerdei foarskreaun. De pedagooch [[Jan Amos Comenius|Comenius]] wiisde yn de [[17e ieuiuw]] op de opfiedkundige en foarmjende betsjutting fan in evenredige etmelferdieling.
 
De sosjaal bewogen ûndernimmer [[Robert Owen]] pleite yn [[1817]] yn Ingelân foar ynfiering fan de achtoerige wurkdei yn wurkplakken en fabriken. Hy wiisde der op dat acht oere wurk en in goede organisaasje fan de arbeid in oerfloed oan rykdom foar elkenien skeppe koe en de nijste ûntwikkelingen op technysk en gemysk mêd it net mear needsaaklik meitsje soene om langer te wurkjen as acht oere.
10.424

bewurkings