Heakbus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Harquebus (PSF).png|thumb|Heakbusskutter]]
 
De '''heakbus''' of '''lontslotgewear''' ([[Frânsk]]: ''arquebuse'') wie in frijwat primityf [[fjoerwapen]] dat fan de [[15e ieuiuw|15e]] oant de [[17e ieuiuw]] brûkt waard. It wie de foargonger fan de [[musket]] en wie lytser as eardere fjoerwapens, dat it koe makliker troch in persoan droegen wurde. It wapen waard ûntstutsen mei in lont. It wapen krige syn namme fan de heak oan de loop dêr’t it oan ophongen wurde koe.
 
De heakbus waard ferneamd yn de [[Slach by Pavia (1525)|Slach by Pavia]] yn [[1525]]. It belies jaan fan Frânske ridders as gefolch fan in kûgelrein út heakbussen, ynspirearre oare legeroanfierders om it wapen ek te brûken. Oant dan ta waarden [[bôge (wapen)|hân-]] en/of [[krúsbôge|krúsbôgen]] brûkt. Alhoewol’t mei in heakbus lang sa skuer net sketten wurde koe as mei bôgen leverei t dochs strategysk foardiel op: [[heakbusskutter]]s wiene der folle mear as bôgeskutters. Sekuer bôgesjitten frege in lange oplieding en de bôgesjitter moast in kante keardel wêze, wylst it omgean mei in heakbus yn in stikmannich wiken wol te learen wie en suver gjin easken oan de lichemsbou fan de skutter stelde.
 
Yn de [[16e ieuiuw]] waard de heakbus stadichoan ferfongen troch de musket, mar net yn lannen as [[Japan]] en [[Korea]], dêr’t de ûntjouwing fan fjoerwapens heakke meidat it gebrûk fan fjoerwapend dêr slim beheind waard.
[[Ofbyld:Hakenbuechse.png|left|Heakbus]]
{{clear}}