Ychten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Geografy: omstav.
Rigel 21:
Om 1840 hinne waard begûn mei de útfeante plassen droech te meallen en yn kultuer te bringen. In pear persielen bringe dy perioade noch yn it sin en binne dêr werom te finen, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne noch yn it gebiet. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.
 
De [[Tsjûkemar]] is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn [[1856]] is men drok dwaande west om de mar droech te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkele kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsdroesd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 per ha. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.
 
== It besjen wurdich ==