Josef Stalin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L foto
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎De oarloch.: omstav./tikfl.
Rigel 24:
Stalin die alles om de macht te behâlden. Hy seach oeral komplotten. Hy hat meardere kearen it leger en de partij suvere. Dit suverje hâldt yn dat guon in sjo-proses krigen. Allegear bekenden se neidat se earst foar lange tiid martele wienen. De suveringen soargen derfoar dat alle minsken djip respekt foar Stalen hienen. Mar yn [[1941]] lieten de suveringen ek in negative kant sjen. De [[Dútslân|Dútsers]] foelen de Sovjetuny oan op [[22 juny]] [[1941]]. Partijleden doarden gjin beslissingen te nimmen út angst om deamakke te wurden. Mar ek it leger hie in probleem. Tûzenen ofsieren waarden arrestearre en troch minsken ferfong dy’t noch neat presteard hienen. Stalin bemuoide him mei de troepenpleatsing. Dit wienen net altyd goeie beslissingen. Dit blykt wol út de earste moannen fan de oanfal. Grutte dielen fan de Sovjetuny wurde ferovere troch de Dútsers. Stalin beneamde himsels as haadbefelhawwer, hy liet alles en iderien opdrave om mei te fjochtsjen. Dit soarge derfoar dat net it hiele lân ynstoarte soe. Hy wie hurd foar it lân mar ek hurd foar himsels. Hy wegere syn soan [[Yakof Stalin]]) út te wikseljen, dizze soan siet gefangen. Dêrtroch liet er him deasjitte, hy fûn dat in echte Sovjet him net gefangen nimme liet.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wie de kaart fan [[Jeropa]] feroare. En de [[Sowjetuny]] wie it lân wat it meast profiteare. It lân wie ien fan de wrâldmachten wurden. It hat in soad koste. It oantal Russyske slachtoffers wurdt rûstroesd op likernôch 22 miljoen deaden. It foar de Sovjetuny belangrykste westlike diel is finaal ferwoaste. Mar dôchs lei Stalin de swipe oer it folk. It lân moast sa gau mooglik wer opboud wurde. Stalin hearde by de winnende partij yn de oarloch. Hy hie wûn fan [[Dútslân]] en [[Japan]]. Stalin wurde yn [[Ruslân]] noch mear fereare as foar de oarloch.
[[Ofbyld:Jalta 1945.jpg|thumb|left|170px|Yn Jalta nei de twadde wrâldoarloch]]