Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
'''Doarestêd''' wie ien fan de wichtichste en súksesfolste ynternasjonale hannelssintrums yn Noardwest-Jeropa fan de de [[7e ieu|7e]] oan it midden fan de [[9e ieu]]. It lei by de splitsing fan de rivier de [[Ryn]] mei de [[Lek (rivier)|Lek]], en by it stee dêr't de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] earder in stiennen kastiel boud hienen, tichtby it hjoeddeiske [[Wyk by Duerstede]].
 
Oan de ein fan de 7e ieu waard Doarestêd omskreaun as ''patria Frigonum/Frixonum'', dat betsjutte: lizzend yn it lân fan de [[Friezen]]<ref>Kosmograaf van Ravenna, ''Cosmographia'' I.11, [http://www.inghist.nl/retroboeken/excerpta/#1:594 Online excerpt] en IV.23 [http://www.inghist.nl/retroboeken/excerpta/#1:596 Online excerpt]</ref>. It hat yn de tiid fan [[600]] oant [[850]], in plak west dêr't de [[Friezen]] en [[Franken]] foar striden hawwe, û.o. yn de [[Slach by Doarestêd]] <ref>[[Wim van Es|W.A. van Es]] en W.J.H. Verwers (2000), side. 32</ref> . Ferskillende kearen feroare it fan eigener, foar it lêst yn [[719]] doe't it foarfêst yn Frankyske hannen kaam troch [[Karel Martel]]. Yn [[840]] droech [[Lotarius I]] Doarestêd oer oan de Deenske bruorren [[Rorik]] en Harald. Healwei de 9e ieu rekket Doarestêd yn ferfal. It ynwennertal wurdt yn de bloeitiid rûsdroesd op in 2.500 oant 3.000.
 
== Lizzing ==