Slach om Berlyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Tarieding: omstav.
Rigel 25:
De twa doelstellings wienen nau oan elkoar besibbe omdat de Sowjets sûnder Berlyn gjin macht yn de regio hienen. Dêrneist woenen de Sowjets it lichem fan Adolf Hitler en safolle mooglik strategysk materiaal en Dútske wittenskippers. Op [[6 maart]] beneamde Hitler Luitenant Generaal Helmuth Reymann ta befelhawwer fan it ferdigeningsgebiet Berlyn. Reymann kaam yn it stee fan Bruno Ritter von Hauenschild. Op 20 maart waard Generaal Gotthard Heinrici beneamd ta befelhawwer fan de Weichsel-ferdigeningsgroep. Hy kaam yn it stee fan [[Heinrich Himmler]]. Heinrici wie bekend om syn goede definsive plannnen. Nei syn beneaming sette er fuort útein om ferdigeningsplannen foar Berlyn te meitsjen. Heinrici sei al foar it Sowjet offensyf dat hja oer rivier de [[Oder]] komme soenen, en dan oer de east-west-autobahn fan Breslau nei Berlyn op de stêd oan tôgje soenen. In tinne ferdigeningsliny sette hy del by de oeren fan de Oder. Ynstee fan in sterke ferdigeningsliny oan de Oder brûkte Heinrice de Seelowhichten, dêr't se sicht hienen op de Oder en de [[autodyk|autobahn]] dêroerhinne. Dy posysje lei 17 km westlik fan de Oder en 90 km eastlik fan Berlyn. Heinrici helle ek soldaten fan oare liny's om de troepen op de hichten te fersterkjen. De Dútske yngenieurs makken fan de Oder in sompegebiet. Tusken de sompen fan Oder en Berlyn kamen trije ferdigeningslinys.
[[Ofbyld:Second world war europe 1943-1945 map de.png|thumb|Alliearde offensiven (read) tsjin Dútslân (blau) yn it tiidrek 1943-1945.]]
Foar de Slach om Berlyn hienen de Russen likernôch 2,5 miljoen soldaten (mei stypjende ienheden), 6.000 pânsers, 7.500 fleanmasinen en it stiks artillery wurdt oer de 10.000 hinne rûsdroesd. De Dútsers hienen slim skansearre ienheden fan de ''Wehrmacht'', de [[Waffen-SS]] en de algemiene SS. De ''Volkssturm'' waard ek ynset om Berlyn te ferdigenjen, mar dat wienen jonge militêren sûnder erfaring tusken de 14 en 16 jier mei wat âlderein. Meiïnoar hienen de Dútsers in miljoen soldaten en 800 pânsers, se hienen net folle fleanmasinen. Stypjende ienheden hienen de Dútsers hast net en brânstof en munysje wie hast op. De sivile befolking fan Berlyn waard yn 1939 op 4,3 miljoen minsken rûsd, it ynwennertal fan 2,7 miljoen minsken yn 1945 wie suver de helte minder. Twa-tredde part fan de ynwenners yn 1945 wie froulik, yn ferskate leeftydskategoryen. It tredde part fan de befolking wie manlik, mar dat wienen bern en jongerein oant 16 en âlde mannen fan oer de sechtich. Yn de alve wiken foar de slacht wienen sa'n 200.000 Berliners flechte of stoarn troch bombardeminten fan de westlike alliearden.
 
== Slach by de Oder-Neisse ==