Karelyske Lâningte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
==Skiednis==
Yn it earste milennium nei Kristus swalken Finsk-Oegryske folken oer de lâningte. Yn de [[11e ieuiuw]] strieden [[Sweden]] en [[Novgorod]] oer de rjochten fan belêstingbarren. Sweden krige it rjocht yn it gebiet om [[Vyborg]] hinne, Novgorod it part dat oer bleaun.
 
Yn de [[17e ieuiuw]] krige Sweden de heule Karelyske Lâningte ûnder har bewâld, lykas it súdliker [[Ingermanlân]]. Yn de tiid fan de [[Grutte Noardske Kriich]] waard Ingermanlân weromferovere troch de Russen en yn [[1703]] waard op it plak fan in Sweedske stêd de nije keizerlike residinsje Sint-Petersburch boud. Nei de [[Frede fan Nystad]] yn [[1721]] wie de lâningte oant [[1812]] fan it [[Russyske Ryk]], doe’t it noardwestlike part by it (semy-)autonome [[Gruthartochdom Finlân]] kaam.
 
Fanwegen it mylde klimaat, rike fiskwetteren en de neite fan Sint-Petersburch waard de lâningte in tierich gebieten fan [[Finlân]]. Nei de Finske ûnôfhinklikheid fan [[1918]] bleaun it gebiet Finsk, útsein it gebiet om [[Vsevolozjsk]] hinne.