Fierljeppen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it NFB der by setten.
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
Al op [[24 augustus]] [[1767]] waard de earste offisjele fierljepwedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn [[Baard]] en waard organiseare troch de widdo fan kastlein Ype Gerbens. It ljeppen kende fuortendaliks al yn sekere tradysje, want 4 jier letter organiserre har opfolger Nannes Jetses opnij in ljepwedstriid te Baard om prizen. Twa ieuwen letter, yn [[1957]] waard te Winsum it earste Fryske Kampioenskip halden. Dat wie it begjin fan in nije sport, ûntstien fanút in ieuwenâlde tradysje. Yn [[1960]], waard it [[Frysk Ljeppers Bûn]] (FLB) oprjochte. Dat bûn organisearret benammen wedstriden yn Fryslân en Grinslân. Sa organisearet it FLB alle jierren it [[Frysk kampioenskip Fierljeppen]]. Dit wurdt altiten hâlden op de twadde sneon fan augustus, op de skâns fan [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]]. Mei de oprjochting fan it FLB koe in begjin makke wurde mei it strukturearjen fan de fierljepwedstriden. Tsien jier letter waard it [[Polsbûn Hollân]] oprjochte dat wedstriden yn oare parten fan it lân organisearre.
 
== Sprong ==