Ferskil tusken ferzjes fan "Grut-Haersmastate"

L
red
L (→‎Keppeling om utens: - kou dy't nei de skoalle GH ferwiisd)
L (red)
'''Grut Haersmastate''' wie in state yn [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] dy't tusken [[1660]] en [[1666]] bouwe litten is troch [[Aulus fan Haersma]]. Dit geslacht út [[Eastermar]] stoar út mei it ferstjerren fan Sybrand fan Haersma, [[grytman]] fan [[Achtkarspelen]], yn [[1839]].
 
Grut Haersma lei súdwest fan it doarp. Der is neat mear fan werom te finen. De [[17e ieuiuw]]ske state hie in heech [[sealtek]] tusken trepgevels. De brede foargevel hie oan beide kanten fan de foardoar pilasters en trije grutte rammen. Oan de efterkant stie in skuorre mei bygebouwen. Om it grutte hiem rûn in grêft mei singels.
 
Aulus van Haersma, grytman fan Smellingerlân, kocht yn 1646 in sate mei lannen yn Aldegea. De pleats, earder yn it besit fan it Benediktiner nonnekleaster yn [[Smelle Ie]], krige de namme ''Haersma State''. DizzeDy state stie ten easten fanbeëasten de herfoarme tsjerke. Om 1665 liet Van Haersma foar syn soan in nije state bouwe oan de Skeane Heawei, dy't de namme ''Grut Haersma State'' krige. ''Grut Haersma'' bleau yn besit fan dizze family en waard dêrmei feitlik de amtswenning fan de [[List fan grytmannen fan Smellingerlân|grytmannen fan Smellingerlân]].
 
Yn froulike line fererve de state yn de 19e ieuiuw yn de family Van Vierssen. Grytman [[Hector Livius Haersma van Vierssen]] wenne der oant syn ferstjerren yn 1839. Yn 1841 waard besluten ta ferkeap fan de state en it byhearrende lân. De state waard ôfbrutsen, dielen derfan waarden brûkt troch [[Martinus Manger Cats]] foar de bou fan [[Haersma State (Drachten)|Haersma State]] yn [[Drachten]]. It lân waard yn acht dielen ferkocht.
== Keppeling om utens ==