Beuckenswyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2575709 (translate me)
No edit summary
Rigel 5:
Beuckenswyk wie in bûten mei in bosk derefter; it wie in grut gebou mei in soad finsters, in hege stoepe en in lange gong. Mear is der net bekend oer it uterlik fan dizze state.
 
Yn 1664 trout dr. Wilhelmus Beuckens op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] en in soan út dit houlik wie dr. Marius Beuckens. Hy wie ûntfanger fan [[Doanjewerstâl]]. Hy komt yn it [[stimkohier]] fan 1728 foar as eigener fan lannen yn Sondel en [[Nijemardum]]. Hy boaske yn [[1696]] oan Gerritje Sierxma, fandÊr it wapen fan Sierxma njonken it wapen fan Beuckens. De wapens Nauta-Beuckens en Swalue fertelle oer in houlik fan leden fan dizze geslachten.
Paulus Rombertus neamde himsels nei heit en mem Nauta-Beuckens. Hy wie in soan fan Gijsbertus Nauta en Geertruida Beuckens, dochter fan Marius Beuckens. Syn frou en ek nicht Hester Josine Swalue wie in dochter fan dr. Otto Swalue en Belitie Beuckens, ek in dochter fan Marius Beuckens. Beiden hienen dus as pake en beppe dr. Marius Beuckens en Gerritje Sierxma.