Gerrit Benner: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
plaatsje
Rigel 2:
 
==Libben==
[[Ofbyld:Interieur, aanzicht glasappliqué - Helmond - 20366653 - RCE.jpg|thumb|175px|Glêsapplikee foar De Ark yn Helmond]]
 
Benner en syn frou Geesje Schaap hiene yn't earstoan in winkel yn galanteryen yn Ljouwert, de saak gie om 1940 hinne lykwols fallyt. In trochstart mei stipe fan in befreone dokter waard neat meidat Benner alline noch mar skilderje woe.<br>
Benner waard benammen bekend troch syn (frijwat) abstrakte, kleurige lânskipsskilderingen yn neo-ekspresjonistyske styl dy't hy pas nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] makke. Yn 1955 ferhuze er nei Amsterdam, dêr't er it atelier fan [[Karel Appel]] brûkte. Hy hie in soad bewûndering foar it wurk fan [[Hendrik Nicolaas Werkman]] en oare leden fan [[De Ploeg]] en fielde him besibbe oan keunstners as [[Pablo Picasso]] en [[Edvard Munch]], mar bleau lykwols Fryske lânskippen skilderjen. Hy fêstige him om 1970 hinne wer yn Fryslân. Hy krige de [[Priis fan de Stifting Keunstnersferset 1942-1945]] yn [[1955]] fanwege help oan Dútske flechtelingen (dêr't er oars al foar de oarloch mei dwaande wie)<ref>[[Ljouwerter Krante]] 8 oktober 2014, ''De onverwachte en onbekende kanten fan Benner'', n.o.f Doeke Sijens syn biografysk essay oer Benner. s. 36</ref>; in twadde priis op de 'Biënale fan São Paulo' yn São Paulo, Brazylje; de 'Guggenheim Prize for the Low Countries' yn 1958; en de ''International Hallmark Art Award New York''. De grutte oersjochtentoanstelling, organisearre troch it Kultureel Sintrum yn Venlo, wie yn 1970 en 1971 yn in soad plakken yn Nederlân te besjen. Yn Fryslân bliek doe gjin eksposysjegelegenheid by steat syn wurk te ûntfangen. Yn 2014 wie der in oersjochtentoanstelling fan syn wurk yn tagelyk it Frysk Museum en it Museum Belvedêre.