Aasterein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
Oan de eastkant fan Aasterein leit it bûtendykske kultuerlân de ''Grië''. Parten fan de gerslânperselen lizze mids elzesingel. Oare stikken greide wurde lykwols inkeldris troch seewetter oerspield en hawwe in sâltminnende fegetaasje. Op de Grië lizze fjouwer [[einekoai]]en, de ''Takkekoai'', de ''Jan Willemskoai'', de ''Horrekoai'' en de ''Rimkeskoai''. De Takkekoai is oanlein yn de [[17e iuw]], de oare trije yn de [[19e iuw]]. De fjouwer koaien binne apart bedike, om skea troch seewetter foar te kommen. Oarspronklik wienen de koaien allinnich oan de noardside mei bosk beplante. It suden fan de koai bleau ûnbeplante om einen fan it Waad te lokjen. Yn de koaien waard eartiids benammen [[Smjunt]], [[Pylksturt (Fûgel)|Pylksturt]] en [[Piiptsjilling (fûgel)|Piiptsjilling]] fongen. Tsjintwurdich is allinnich de Rimkeskooi noch yn bedriuw.
 
Op de Grië stiet ek de [[Wierskuorre]], in skuorre dêr't eartiids it op de [[Waadsee]] meande [[Smjuntegers]] yn droegedrûge waard. Dit seegers waard brûkt as folling fan kessens en bêden.
 
== Sil de Strânjutter ==