Amfibyen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 47:
[[File:2009 Andrias davidianus.JPG|left|thumb|250px|In [[Sineeske reuzesalamander]], it grutste amfiby fan 'e wrâld.]]
 
De [[hûd]] fan amfibyen is sa tin dat se dy brûke kinne as sekundêr sykhellingssysteem foar ûnder wetter. Guon lytse lânsalamanders en -kikkerts ûntwikkelje nea longen, sadat se foar sykheljen poer op 'e hûd oanwiisd binne. Amfibyen binne [[swiet wetter]] brek om har fuort te plantsjen; yn [[sâlt wetter]] komme se net foar. Guon oare fjouwerpoatigen dy't in akwatyske libbensstyl hawwe, bygelyks beskate [[reptilen]] ([[krokkedillen]]) en guon [[sûchdieren]] ([[otters]], [[bevers]], ensfh.) plantsje har fuort op it droegedrûge. Troch har tinne hûd nimme amfibyen behalven lucht en wetter ek oare stoffen út har om-en-by op, en sadwaande binne se gauris de earste bisten dy't troffen wurde as de [[ekology]] yn in beskaat gebiet oantaast wurdt. De ôfrûne desennia is de amfibyestân wrâldwiid dan ek op dramatyske wize efterútbuorke.
 
==Untwikkeling==