Boekweet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 56 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q132734 (translate me)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
It is in [[ienjierrige plant]] mei in holle, rjochtopgeande, him faker fertakjende, reade stâle. De blêden binne trijehoekich oant hertfoarmich. It woartelstelsel bestiet út in sterk spranteljende [[pinwoartel]]. De bloei begjint al yn in jong stadium, soms al nei seis wiken, en giet dan 25-30 dagen troch. De blommen steane in langstâlige plommen by elkoar, wyt en rôze fan kleur, en befetsje in soad [[nektar]]. Op earme grûnen kin boekweet 50 sm heech wurde. Foardat de bloei dien is binne der al ripe fruchten.
 
It ytbere sied sit oan tinne stâltsjes dy't yn ripe tastân maklik loslit. It hat in moal- en aaiwytrike ynhâld, oerienkommend mei dy fan [[Klaver (plant)|klaver]]. Der wienen earder twa rassen bekend: op de feangrûnen de Staphorster brúnswarte en op de sângrûnen de Brabânske grize boekweet. De hjoeddeiske rassen produsearje minder nektar as de âlde rassen. By it bewarjen moat it sied droechdrûch wêze want it skimmelt gau. Ien kilo sied befet ± 45.000 siedden.
 
De foarm fan it boekweetsied komt sterk oerien mei dy fan [[boek (beam)|boekels]], al binne se folle lytser, ûngefear 6 mm lang. It sied waard ta moal meald, hoewol't boekweit beslist gjin nôt is. Boekweet is in 'pseudonôt': de siedden, it moal en alle oare ôflate produkten fan boekweet befetsje gjin [[gluten]] en binne sa faak in útkomst foar minsken mei allergyen. It moal kin goed mongen wurde mei dat fan nôt om sa stro te meitsjen. Rustere boekweetkerrels hjitte ek wol 'kasha' en binne bekend út de East-Europeeske keukens. Yn boekweetmoal sit in soad [[magnesium]], [[kalium]] en [[fosfor]]. It is streksum en licht fertarber. It wurdt tsjintwurdich ek ferboud foar de genêskunde.