Deaderituëlen yn natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Siel - Verwijzing(en) gewijzigd naar siel (geast)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
De Toraja fan sintraal [[Sulawesi]] binne nammentlik swiid ferneamd om harren deadefeesten. It Toraja-wurd foar “begraffenis” is ''tomate'', dat letterlik “deade” betsjut. Fan alle Toraja-rituëlen binne dy dêr’t ferstoarnen mei nei it hjirneimels stjoerd wurde fierwei de wichtichste. Sûnder de krekte begraffenisriten sil de geast fan ’e deade syn famylje ûngelok bringe. Ek is it de bedoeling dat de begraffenisoffers, -rituëlen en -feesten de goaden ymponearje, sadat de geast fan ’e deade yn ’e takomst mei súkses foar syn of har famylje bemiddelje kinne sil.
 
De Toraja hawwe ornaris twa begraffenisseremoanjes: in lytsen fuort nei it ferstjerren fan in famyljelid, en in grutten dy’t ferskate dagen duorret, neidat alle tariedings derfoar makke binne. Dy hâlde ûnder mear yn dat der genôch jild byinoarkrigen en it nedige fee kocht is en dat famyljeleden en freonen út alle wynrjochtings oankommen binne. Om’t de lju dêr de tiid foar nimme moatte, wurde ''tomate'' meastal holden yn it droegedrûge seizoen, fan july oant septimber, dat de Toraja “de feesttiid” neame. It lyk fan ’e deade bliuwt al dy tiid yn it hûs dêr’t hy of sy ferstoarn is. Eartiids waard it bewarre mei tradysjonele balsemkrûden, mar hjoed de dei makket men faker gebrûk fan in ynjeksje fan in stof mei in balsemjende wurking.
 
Salang’t de deade yn ’e hûs is, siedt men iten foar him of har, en as hy of sy fan adel is, bliuwt der de klok rûn altiten immen yn itselde fertrek. De geasten fan ’e deaden kinne allinne nei it ''Puya'', it hjirneimels, gean, as de begraffenisriten op ’e krekte manear útfierd wurde. De status fan in geast bliuwt yn it hjirneimels itselde as yn ’e wrâld fan ’e libbenen; sels de geasten fan ’e bisten folgje harren master nei it ''Puya'' - dêrfandinne de biste-offers by begraffenissen. Hoe heger de status fan ’e ferstoarne, hoe mear bisten at der offere wurde moatte. Dat binne fral bargen en buffels, mar buffels hawwe in folle gruttere wearde. Foar in gewoane man wurdt ien buffel offere en dat oantal kin, korrespondearjend mei syn status, oprinne nei 4, 8, 12 of 24. As it om in foarst giet, is it gjin útsûndering dat der 100 buffels offere wurde. It mei dúdlik wêze dat sokke begraffenisriten, dêr’t dan it jaan fan ’e oare grêfjeften en it fersoargjen fan alle gasten, mei oantallen dy’t yn ’e hûnderten rinne kinne, noch bykomt, faak op in ekonomyske ramp útrinne foar in doarp.
Rigel 23:
 
== Ofwikende deaderituëlen ==
Tige ôfwikende deaderituëlen hawwe de [[Yanomami]], fan noardwestlik [[Brazylje]] en súdlik [[Fenezuëla]]. Nei de dea wurdt it lichem fan in man of frou by harren oan in beam hongen oant it droechdrûch is. Dan wurdt it ferbaarnd en de jiske wurdt dêrnei fermingd mei bananen en opiten troch de famylje en freonen fan ’e ferstoarne. De Yanomami leauwe dat dy sa de geast fan ’e deade sa yn har eigen wêzen ynkorporearje en bewarje.
 
== Sjoch ek ==