El Niño: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
|||
Rigel 13:
== Gefolgen ==
Ornaris wurdt it wetter foar de westkust fan Súd-Amearika oanfierd troch in súdlike streaming dy't kâld wetter út it [[Súdpoal]]gebiet oanfiert. Dat kâlde wetter is tige fiedsel- en fiskryk. Yn in El Niño-jier treedt lykwols in streaming op dy't tropysk oseaanwetter oanfiert út de omjouwing fan Yndoneezje en de [[Filipinen]] (1982-'83 en 1997-'98 respektivelik 2,85 en 2,8 graden Celsius waarmer). Dat waarme wetter befettet folle minder fiedingsstoffen en dus ek folle minder fisk. Foar de Súd-Amerikaanske fiskers betsjut dat in ekonomyske ramp. Boppedat ferdampt it opwaarme oseaanwetter hurder as normaal, wêrtroch't it normaal sprutsen útsûnderlik
Oan de oare kant fan de Grutte Oseaan, fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] oant [[Yndoneezje]], binne de gefolgen ek slim. Dêr liedt El Niño krekt ta in perioade fan útsûnderlike
Ek yn de rest fan de wrâld is it effekt fan El Niño grut. Sa is berekkene dat de krêftige El Niño yn [[1982]]-[[1983|'83]] wrâldwiid in skea fan 8,2 miljard dollar feroarsake hat. De lêste El Niño fan [[1997]]-[[1998|'98]] hat neffens de [[Fiedsel- en Lânbouorganisaasje]] yn mear as sechtich lannen oanlieding jûn ta ekstreme waarsomstannichheden. Yn totaal binne 41 lannen troffen troch oerstreamings en 22 troch
Yn [[West-Europa]] binne de effekten fan El Niño net sa grut. In El Niño liedt yn [[Nederlân]], [[Statistyk|statistysk]] sjoen oer de perioade [[1870]]-[[2000]], ta in relatyf wiete maitiid.
|