FBI: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
[[File:Hoover-JEdgar-LOC.jpg|left|thumb|200px|[[J. Edgar Hoover]], FBI-direkteur fan [[1924]] oant [[1972]], dy't as gjin oar syn stimpel op 'e FBI drukte.]]
 
Fierwei de wichtichste en ynfloedrykste direkteur fan 'e FBI wie [[J. Edgar Hoover]], dy't krapoan in heale ieu, fan [[1924]] oant syn dea yn [[1972]], oan it haad fan 'e tsjinst stie. (Nei syn dea waard de termyn fan in FBI-direkteur beheind ta tsien jier.) Ien fan Hoover syn grutste fertsjinsten wie de oprjochting fan it ''Scientific Crime Detection Laboratory'', better bekend as it [[FBI-laboratoarium]], yn [[1932]]. Under Hoover wie de FBI yn 'e tweintiger jierren fierhinne besteld mei it ôftwingen fan 'e [[DroechlizzingDrûchlizzing (Feriene Steaten)|DroechlizzingDrûchlizzing]] en it oppakken fan [[alkohol]]smokkelders, wylst de tritiger jierren fierhinne yn it teken stiene fan 'e bestriding fan in stikmannich beruchte kriminelen, lykas [[John Dillinger]], [[Baby Face Nelson]], [[Ma Baker]] en [[Machine Gun Kelly]]. Ek hie de tsjinst yn dy beide desennia in krúsjale rol by it weromkringen fan 'e maatskiplike ynfloed fan 'e [[rasisme|rasistyske]] ''[[Ku Klux Klan]]'' (KKK).
 
Yn 'e fjirtiger jierren (en trochrinnend oant de santiger jierren) wie de FBI ek djip behelle yn it ûndersyk nei [[spionaazje]] yn 'e Feriene Steaten. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden acht [[nazy]]-aginten pakt (wêrfan't seis terjochtsteld waarden), en ûnder de [[Kâlde Oarloch]] wie de FBI mei de [[Grut-Brittanje|Britske]] geheime tsjinst belutsen by it brekken fan 'e koades fan 'e diplomatike en feilichheidstsjinsten fan 'e [[Sovjet-Uny]] (in projekt wêrfan't Hoover oant [[1952]] "fergeat" de Amerikaanske bûtenlânske feilichheidstsjinst [[CIA]] oer yn te ljochtsjen). De ûntmaskering fan Sovjet-spionnen yn 'e Feriene Steaten, lykas [[Rudolf Abel]], yn [[1957]], bea Hoover in ferlechje om syn libbenslange obsesje mei linkse Amerikanen út te túljen yn in langjierrich ûndersyk nei û.o. de [[Amerikaanske Kommunistyske Partij]] (CPUSA) en de fakbûnen.