Greide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + Drintske greide
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Carved meadows in Midden-Drenthe.jpg|thumb|225px|Greide yn [[Midden-Drinte]]]]
[[File:Blumenwiese bei Obermaiselstein05.jpg|right|thumb|225px|In [[Alpen]]greide.]]
In '''greide''' of in stik '''greidlân''' is in lape min ofte mear ûnbewurke grûn begroeid mei [[gers|gerzen]] en oare net-houtige [[plant]]en, dy't troch de [[minske]] foar de [[feehâlderij]] brûkt wurdt. De wichtichste funksje fan greiden is as weidplak foar [[fee]] en om [[hea]] (droegedrûge gers) en [[kuil]] (fergêste gers) te produsearjen, dat opslein wurdt as [[winter]]foer.
 
Njonken har funksje op it mêd fan 'e lânbou binne greiden ek [[ekology]]sk sjoen fan grutte betsjutting, fanwegen har iepen, sinnige foarkommen, dat [[floara]] en [[fauna]] oanlûkt dy't ûnder oare kondysjes net oerlibje kinne soe. Greidlân komt ek fan natuere foar (tink oan 'e [[steppe]]s fan [[East-Jeropa]] en [[Sintraal-Aazje]]; de [[savanne]]s fan [[Afrika]], de [[prêrje]]s fan [[Noard-Amearika]] en de [[pampa|pampa's]] fan [[Súd-Amearika]]), mar net yn [[Nederlân]]. Hjir binne alle greiden skepen troch de [[minske]], dy't er der ek allegeduerigen yn yngrypt, sadat it natuerlike [[biotoop]] gjin kâns kriget om him te ûntwikkeljen. Sa is in protte greidlân sûnt de jierren santich op 'e nij ynsiedde, om in heger [[gewier]] oan gers te krijen en [[blom]]men en oare net-gerzige planten safolle mooglik út te bannen.