Grinslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Groningen_coa.svg ferfange troch Groningen_(province)_coa.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:commons:COM:FR#reasons|File renaming criterion #
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan de provinsje Grinslân is foar in grut part de skiednis fan it proses dêr't de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn de rin fan jierren hieltyd mear macht by krige oer de [[Ommelannen]]. Dêrfoar leit lykwols noch in tiidrek wêryn it grutste part fan de provinsje in geheel foarme mei it oanswettende [[Westerlauwersk Fryslân]] en [[East-Fryslân]]. It wie in gebiet mei in lânskip dat noch it measte wei hie fan de hjoeddeiske [[Waadsee]]. By [[eb]] foel it droechdrûch, by [[floed]] stie it gruttendiels ûnder wetter. Yn dat kwelderlân wie permaninte bewenning allinnich mooglik op [[terp|wierden]].
 
Lykwols wiisd de oanwêzigens fan in [[hunebed]] by [[Noardlaren]] derop dat de bewenningsskiednis weromgiet oant de [[stientiid]]. De fynst fan in hunebed by [[Delfsyl]] is in oanwizing dat dy bewenning him net allinnich beheinde oant it grinsgebiet mei [[Drinte]]. Neffens guons is de oanwêzigens fan dat hunebed in bewiis foar de teory dat de hunebedbouwers fan see ôf it lân yn lutsen.