Haggai (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
It boek ''Haggai'' hat grutdiels mei de weropbou fan 'e Timpel fan Jeruzalim te krijen, nei't de [[Joaden]] weromkeard wiene út 'e Babyloanyske Ballingskip. Doe't it wurk dêroan troch de ûnmoed fan it folk en de tsjinwurking fan harren fijannen stilfoel, profetearre Haggai fjouwer kear, de earste kear om 'e bou wer op gong te krijen, en de oare trije kearen om 'e bouwers oan te trúnjen en meitsje oan. Dêrby wurke er (neffens ''[[Ezra (bibelboek)|Ezra]]'') nau gear mei de profeet [[Sacharja (profeet)|Sacharja]].
 
Haggai syn boadskip is ien en al oantrún om fierder te gean mei de werbou fan 'e Timpel. Hy leit in resinte droechtedrûchte út as it gefolch fan it omlanterfantsjen fan 'e bouwers. Yn syn eagen is de Timpel de kaai ta de nije gloarje fan [[Jeruzalim]] en it symboal foar de trou fan 'e Joaden oan har ferbûn mei [[God]]. Hy beslút syn profesijen mei it ûnthjit dat God de troanen fan 'e buorfolken omreagje en it Joadske keninkryk op 'e nij ferheffe sil.
 
==Fryske oersetting==