Keardaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red.
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
Keardamen kinne fêst of regelber wêze. In fêste keardaam jout altyd itselde [[peil]]. By in regelbere is der in ynrjochting (bgl. in klep) dy't derfoar soarget dat der yn ferskillende perioades in oar peil ynsteld wurde kin. Sa is it peil by 't [[winter]] faak leger as yn de by 't [[simmer]]. Trochgeans wurde de keardamen omheech helle neidat der siedde is en wer dellitten flak foardat de rispinge ynhelle wurdt. Sa kinne it lân lan en de ikkers by it siedzjen en ûngetiidzjen mei swiere lânboumasines dien wurde en hoecht der yn it [[groeiseizoen]] net sa gau bereind te wurden.
 
Keardamen yn beken en wetterrinnen wurde faak makke om wetter langer fêst te hâlden en sa te foarkommen dat dy gebieden ferdroegjeferdrûgje. Sa wurdt ek foarkommen dat leger lizzende gebieten gau oerstreame.
 
Yn de grutte rivieren wurde keardamen net allinnich boud om ferdroegingferdrûging fan heger lizzende gebieten te foarkommen, mar ek om foar de [[skipfeart]] it hiele jier troch in minimale [[wetterstân]] te garandearjen.
 
Fierders wurde keardamen oanlein om wetterstreamen te stjoeren. De keardamen dy't yn de [[Nederryn]] en de [[Lek]] boud binne, hawwe benammen as doel om wetter út de [[Ryn]] oer de [[Isel]] nei de [[Iselmar]] te stjoeren.