Leafbeam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
In '''leafbeam''' is in [[beam]] wêrfan't de [[blêd (plant)|blêden]] in brede platte foarm hawwe, yn tsjinstelling ta de [[nulle (nullebeam)|nullen]] fan [[nullebeam]]men, dy't in tinne en langwerpige sylinderfoarm hawwe, of as [[skob]]ben foarme binne. Oars as de nullebeammen hearre leafbeammen ta de [[bedektsiedigen]] of blomplanten (''Angiospermae'').
 
In oar ferskil mei de measte nullebeammen is dat leafbeammen yn tuskenbeiden [[klimaat]]sônes [[hjerst]]mis harren blêden falle litte nei't se der safolle mooglik fiedingsstoffen (wêrûnder [[blêdgrien]]) oan ûntlutsen hawwe (dêrfandinne it ferkleurjen fan 'e blêden). Sokke leafbeammen oerwinterje dan as keale beam en kinne oant de [[maityd]], as se nij blêdte ûntwikkelje, gjin [[glukoaze]] produsearje. Yn [[tropen|tropyske gebieten]] ferlieze guon soarten leafbeammen harren blêd yn it [[droechdrûch seizoen|droegedrûge seizoen]]. Troch it opjaan fan 'e blêden wurdt de [[ferdamping]] sterk beheind, wat benammen tige wichtich is as de grûn beferzen is en de beam sadwaande gjin nij wetter út 'e boaiem opnimme kin.
 
Foarbylden fan leafbeammen dy't yn [[Fryslân]] foarkomme, binne de [[iik]], [[bjirk]], [[esk]], [[yp]], [[eskdoarn]], [[boek (beam)|boek]], [[els (beam)|els]], [[popelier]], [[kastanjebeam]], [[linebeam]] en [[haachboek]].