Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 61:
Meksiko-stêd is boud yn de Delling fan Meksiko en wurdt oan alle kanten omjûn fan fulkanen (û.o. de [[Popocatépetl]]). Dat hat fan gefolgen dat [[loftfersmoarging]], sa as ''[[smog]]'' hingjen bliuwt. Fral winterdeis, as de loft boppe it dal kâld is en de waarme lucht út de stêd (troch [[ynversjelaach|ynversje]]) net opstige kin, is de luchtfersmoarging slim. De Popocatépetl, dy't yn de Azteekske en koloniale perioade út de stêd wei goed te sjen wie, kin no troch de ''smog'' allinne noch út en troch sjoen wurde.
 
De ynstabile ûndergrûn foarmet ek in miljeuprobleem. Doe't de Azteken Tenochitlan stiften bestie de stêd ú eilantsjes yn it [[Tekskokomar]]. Dat mar is yn de rin fan de iuwen opdroegeopdrûge of droechleindrûchlein. De grûn is lykwols noch altyd ynstabyl, op guon plakken sakket de stêd 25 sintimeter it jier. De Ángel de Independencia bygelyks, hat al in paer kear ekstra treppen krige om boppe de grûn te bliuwen. Trochdat de stêd sa leech leit, wurdt de ôffier fan ôffalstoffen tige behindere. Wat der oer is fan it Tekskokomar is dêrtroch tige [[fergif]]tich en dat soarget wer foar swierrichheden yn de drinkwetterfoarsjenning. Der is wolris útsteld om in piiplieding fan [[Veracruz Llave|Veracruz]] oan de [[Golf fan Meksiko]] nei Meksiko-stêd oan te lizzen om it wetterprobleem op te lossen, mar it die bliken dat dat net te dwaan en in slompe jild kostje soe.
 
In protte wenwiken hawwe in soad kriminaliteit en der binne in protte strjitbern, neffens guon sifers wol 50.000. Meksiko hat it op ien nei heechste oantal ûntfieringen de 100.000 ynwenner fan de wrâld. De kriminaliteitssifers sakje wol wat, mar de - [[korrupsje|korrupte]] - plysje kin it probleem noch altyd amper oan. It oantal [[moard]]en yn Meksiko-stêd is lykwols relatyf leech foar sa'n grutte stêd.