Ferskil tusken ferzjes fan "Muskusrôt"

Gjin feroaring yn grutte ,  4 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
By 't [[winter]], of as der gjin gaadlike plakken binne om sa'n hoale te graven, lizze muskusrotten yn it wetter in koepelnêst fan plantaardich materiaal oan, wêrfan't de boppekant boppe it wetter útstekt. De yngong sit ek by sokke nêsten ek wer ûnder wetter. Yn gebieten dêr't ek [[bever]]s foarkomme, "kreakje" muskusrotten faak wenromte yn in beverboarch om te oerwinterjen, sa't te sjen wie yn 'e ferneamde [[dokumintêre]]rige ''The Life of Mammals'', fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[natoerfilmer]] [[David Attenborough|sir David Attenborough]].
 
Behalven goede gravers binne muskusrotten en treflike swimmers en dûkers. Se kinne wol in kertier ûnder wetter bliuwe en yn dy tiid fier fuort swimme. By it swimmen brûke se sawol de efterpoaten as de sturt. Yn perioaden fan [[droechtedrûchte]] bejouwe se har lykwols ek wol hiele einen fan it wetter ôf. It binne ornaris skouwe bisten, dy't by fersteuring mei in opmerklike dûksprong it wetter yn batse om dan mei-iens in hiel hoart net mear boppe te kommen.
 
Muskusrottemantsjes hawwe in [[territoarium (biology)|territoarium]] fan 1.000-5.000 m², mei útsjitters nei wol 12.000 m². De territoaria fan wyfkes binne wat behindiger. Yn 'e regel libje muskusrotten yn groepen fan in mantsje en in wyfke mei harren jongen. By 't [[maityd]] wurdt der gauris mei frjemde muskusrotten fochten om territoarium en partners. Sokke gefjochten geane faak oan 'e dea ta.
17.651

bewurkings