Nuete mûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
 
==Sykten==
Om't mûzen mar sa'n lytse lichemsgrutte hawwe, hawwe se muoite om har eigen lichemstemperatuer te regulearjen. Siging kin by har sadwaande al rillegau ta [[brongitis]] of sels [[longûntstekking]] liede. Ek [[diarree]] is by mûzen, op 'e nij fanwegen harren lytse lichemsgrutte, in slimmer probleem as by oare bisten, mei't se gauwer [[útdroegingútdrûging|útdroegeútdrûge]] reitsje. Fierders reitsje se op jierren faak oanhelle mei [[tumor]]s, yn 't bysûnder de wyfkes, dy't in relatyf soad [[jaar]]weefsel hawwe (yn ferhâlding ta har lichemsgrutte) en dêrtroch mear as gruttere sûchdieren it risiko rinne om [[boarstkanker]] te krijen. Te min beweging, ta einbeslút, kin yn mûzen, krektlyk as yn minsken, ta [[oergewicht]] of [[obesitas]] liede. In rinrêd yn 'e koai kin datoangeande wûnders dwaan. As men in mûs loslit om wat beweging te krijen, moat men him goed yn 'e rekken hâlde, mei't mûzen ynstinktyf de oanstriid hawwe om in behindich sideplak op te sykjen, en krij se der dan mar wer ris út.
 
==Sjoch ek==