Otter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 35:
 
== Status ==
De otter is de lêste goed ieu, benammen yn Jeropa, sterk yn it neigean rekke troch droechlizzingdrûchlizzing fan syn habitat en oarsoartige ferballing troch de [[minske]], û.o. troch wetterfersmoarging. Dêrom hat er de [[IUCN-status]] fan "gefoelich" krigen, wat sizze wol dat er wrâldwiid net bedrige wurdt, mar dat syn tastân al yn 'e rekken holden wurde moat.
 
Yn [[Nederlân]] waard de otter sûnt [[1988]] as útstoarn beskôge, al waard der it jiers dêrop noch in ferdwaald eksimplaar deariden yn [[Fryslân]]. Men besleat ta reyntroduksje en sadwaande waarden yn [[2002]] yn it [[Nasjonaal Park de Wearribben]], yn 'e [[Kop fan Oerisel]], wer otters útset yn it wyld. Yn [[2004]] waarden der wer foar it earst otterjongen berne yn [[Nederlân]] en datselde jiers waarden noch in stikmannich otters op itselde plak útset. Sûnt is de otter wer waarnommen yn 'e [[Tsjettelmar]], tusken it [[Suderleech]] en de [[Flevopolder]]; oan 'e [[Linde]]dyk, yn 'e [[Stellingwerven]]; by de [[Ruten-ie]], yn [[Grinslân]]; op 'e [[Feluwe]] en yn [[Twinte]]. Op [[2 novimber]] [[2012]] waarden der boppedat trije otters út [[Tsjechje]] útset yn 'e [[de Alde Feanen|Alde Feanen]], tusken [[Ljouwert]] en [[Drachten]].