Pine Ridge Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + better kaartsje
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 43:
 
==Alkoholisme==
Fral alkoholisme is yn it Pine Ridge Reservaat skearing en ynslach, wat wer ta oare misstannen liedt, lykas plichtsfersom, ferwaarleazging (fan bern, húsdieren, ensfh.) of [[húslik geweld]]. De reservaatsplysje rûst dat 90% fan 'e misdie yn Pine Ridge yn ferbân stiet mei de konsumpsje fan alkohol. Fan [[1832]] oant [[1953]] wie alle ferkeap fan alkohol oan Yndianen by de wet ferbean, al joech dat net folle. Presidint [[Dwight D. Eisenhower]] joech de stammen yn 1953 sels it foech om alkohol al of net te ferbieden yn harren reservaten. Yn Pine Ridge bleau it ferbod doe fan krêft. Yn in referindum yn [[2004]] waard dat nochris befêstige, mar yn augustus [[2013]] stimden de kiezers yn in nij referindum foar in ein oan 'e [[droechlizzingdrûchlizzing (alkohol)|droechlizzingdrûchlizzing]], sadat de stamme de aksynzen brûke kin foar de striid tsjin alkoholisme.
 
De alkohol waard nammentlik dochs it reservaat wol ynsmokkele, benammentlik út [[Whiteclay (Nebraska)|Whiteclay]], yn Nebraska, in útbuorren fuort bûten de reservaatsgrinzen, mei in ynwennertal fan mar 12 minsken, mar dêr't 4 sliterijen fêstige binne, dy't yn [[2010]] mei-inoar mear as 4,9 miljoen blikken [[bier]] (fan 336 ml) ferkochten, frijwol útslutend oan bewenners fan it Pine Ridge Reservaat. Sûnt [[1999]] hawwe aktivisten fan it reservaat, de [[Amerikaanske Yndiaanske Beweging]] en de organisaasje ''Nebraskans for Peace'' krewearre om it near te lizzen op 'e drankhannel yn Whiteclay, mar dat is oant op 't heden net slagge.