Salt Lake City: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44:
 
==Klimaat==
Salt Lake City hat in [[lânklimaat]] mei droegedrûge [[simmer]]s en wiete [[winter]]s. De Grutte Sâltmar benoarden de stêd hat in moderearjend effekt op it winterwaar, dat de [[temperatuer]] komt mar inkeldris ûnder de –20 °C. Ek de simmer hat troch de sâltmar in tuskenbeiden karakter, mei troch it feit dat de stêd op in hichte fan hast 1300 meter boppe de seespegel leit. De trochsneed temperatuer oerdeis yn 'e kâldste moanne, jannewaris, is 3 °C, en yn 'e waarmste moanne, july, 33,7 °C. Alle jierren binne der lykwols wol in pear dagen mei [[temperatuer]]en fan boppe de 37 °C, mar dy binne net ûndraachlik, om't de [[luchtfochtichheidsgraad]] yn dy droegedrûge [[jiertiid]] bysûnder leech leit. Wat [[delslach (waar)|delslach]] oangiet, dêrfan kriget Salt Lake City yn in trochsneed jier 408,9 mm. Fan [[july]] oant [[septimber]] hearsket der in [[reinseizoen]] dat út en troch felle tongerbuien bringt. Fan [[snie]] falt der jiers trochstrings 143 sm, ferdield oer de perioade fan [[novimber]] oant [[maart]], mar dêrby falt yn 'e delling mar inkeldris mear as 30 sm tagelyk. Heger leine plakken yn 'e buert krije faak it mearfâldige dêrfan.
 
{{boarnen|boarnefernijing=