Sjerp de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
[[Ofbyld:Nije Kimen pream fan it jier.jpg|thumb|''Nije Kimen'']]
 
Boude yn syn libben hûnderten boaten, earst [[Burgumer Mar (sylboat)|BM-er]]s, letter in eigen polyester ûntwerp dat er UFO neamde. It wie ommers in ûnbekend skip. It skip waard ferhierd troch it rekreaasjebedriuw mei syn namme yn Terherne. It silen learde er al jong by syn heit Jouke de Vries ( letter skipper op de Terhernster pream [[De Komelker (Terherne)|De Komelker]] ) dy't as [[komelker]] allinnich oer wetter by syn lân komme koe. Alles moast mei de pream en de skou oer it wetter helle en brocht wurde. As der wyn stie koe der in seil by setten wurde, oars moast der boomke wurde. Doe't er in jier of tsien by de gersdroegerijgersdrûgerij yn Eagmaryp wurke hie koe er it bedriuw fan syn heit en fan syn skoanheit oernimme. Mar omdat de ien komelker wie mei wat lytsfee en de oare dongskipper socht De Vries wat oars.
 
Doe't der begjin sechtiger jierren in stik lân opspuite waard ûntstie der in strantsje en De Vries besleat in tal boaten te ferhieren omdat er brea seach yn de rekreaasje. Doe't er yn it besit kaam fan in tal boutekeningen besleat er sels in BM-er te bouwen. De BM-er makke er sels yn it bargehok, syn frou Geartsje ferhierde wyls de boaten.