Strân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
Meastentiids bestiet in strân út benammen [[sân]] ('sânstrân'), soms út benammen keizels ('keizelstrân') of skulpen ('skulpestrân'). Guon strannen besteane út fulkanysk sân en binne swart fan kleur. In strân is in bytsje of net begroeid, hoewol't op rêstige strannen, lykas op it eilân [[Skiermûntseach]] en by [[Nieuwvliet]] yn [[Siuwsk-Flaanderen]] der lokaal wol wat [[halofyl|sâltplanten]] groeie, en wat [[helmgers]]. Soms wurde ek mooglike oanwêzige [[Dún|dunen]] ta it strân rekkene. In kuststripe dy't út fêster materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak [[ouwer]] neamd.
 
In strân by in see of oseaan lâns, rint (diels) ûnder wetter as it [[floed]] is. Meastal bliuwt in grut stik strân droechdrûch, mar by útsûnderlike omstannichheden ([[springfloed]] ), oanlannige [[Wyn (meteorology)|wyn]]) kin it heule strân ûnderstrûpe. De boppegrins fan it strân (dêr't de begroeiïng begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.
 
Op in strân oan in see of oseaan fynt men oer it generaal [[seewier]], [[skulp]]en en [[skiiffkwallen|kwallen]]. Ek spiele in soad oare dingen oan, lykas wrekhout, ôffal, dingen dy't fan skippen ôffallen binne. [[Strânjutter]]s sykje om weardefolle dingen dy't op it strân te finen binne. Earder ( [[Midsiuwen]]) bestie it [[strânrjocht]]: it rjocht fan de lânhear of de lokale befolking op alles wat op it strân oanspielde. Tsjintwurdich bliuwt yn de measte westerske lannen dat wat oanspielt fan de rjochthawwende (meast de eigener).