Subtropysk klimaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: simple:Subtropical (strong connection between (2) fy:Subtropysk klimaat and simple:Subtropics)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
It '''subtropysk klimaat''' (ek wol it '''semy-tropysk klimaat''' neamd) is it klimaat dat fuort besuden en benoarden fan de [[Tropen|tropyske klimaatsône]] leit. Dizze gebieten wurde wol de '''subtropen''' neamd. De subtropen lizze globaal tusken de 23,5 en de 40 graden noarderbreedte en 23,5 en 40 graden suderbreedte. Subtropyske gebieten hawwe in tropyske [[simmer]], mar en net-tropyske [[winter]].
 
De subtropen kinne fierders ûnderferdield wurde yn droegedrûge, winterwiete, simmerwiete en altydwiete subtropen.
 
== Definysje ==
It subtropysk klimaat komt meastal net mear foar as in apart klimaat yn de moderne klimaatklassifikaasjes en kin sa beskôge wurde as in tradysjonele klimaatsône.
 
Yn de meast brûkte definysje, de [[Klimaatdefinysje fan Köppen]], wurdt de term al hielendal net mear neamd. Köppen set it subtropysk klimaat ûnder by de matige klimaten. De temperatuer fan de waarmste moanne leit gemiddeld boppe de 22 °C, wylst de temperatuer fan de kâldste moanne gemiddeld tusken de -3 °C en 18 °C leit. Der binne wiete simmers en droegedrûge winters of oarsom. Dit giet op foar it waarme [[mediterraan klimaat]] (Csa-klimaat op de ferdieling fan Köppen), it waarme sinaklimaat (Cwa-klimaat) en it waarme [[seeklimaat]] (Cfa-klimaat).
 
De klimatolooch John Griffiths brûkt in oare definysje. Hy makket gebrûk fan de definysje dat lokaasjes mei in temperatuer fan gemiddeld tusken de 6 °C en 18 °C yn de kâldste moanne subtropysk binne.
Rigel 15:
 
== Karakteristiken ==
De omstannichheden binne yn de subtropyske klimaatgebieten tige ferskillend. It is ien fan de grutste klimaatsônes op de wrâld. Sa kin de mannichte delslach ferskille fan tige fochtich oant tige droechdrûch. In tal fan de grutte [[woastine]]n op de [[Ierde|wrâld]] lizze yn de subtropyske sône. Simmers kinne hjit wêze, of gewoan waarm. Guon subtropyske gebieten wurde teistere troch [[sykloan]]en, dy’t yn de tropen simmerdeis en yn de [[hjerst]] ûntsteane.
 
Yn de subtropen binne de winters relatyf waarm, mar net like hjit as yn de simmer. [[Snie]] en froast komt eins net foar. Planten as de [[palmbeam]], de sitrusbeam en bedektsieddigen komme in soad foar, it binne benammen beammen dy’t harren blêd hâlde.