Godshûs (gebou foar earetsjinst): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 16:
Op [[Hawaiï]] waarden timpels boud fan lavastien, en fierwei de measte wienen wijd oan de rein- en fruchtberensgod [[Lono]] of oan 'e oarlochsgod [[Kukailimoku]]. Yn sa'n timpel, in ''heiau'', stienen û.m. houten goadebylden, de [[kii]]. Mear nei it suden ta, op [[Tahity]], waarden de goaden oanbean yn iepenlofttimpels. Sa'n timpel, in ''marae'', bestie út in rjochthoekich pleinn mei in piramidefoarmich platfoarm. Der waarden û.m. feesten, spirituële seremoanjes, dûnsen, muzykútfierings en [[offerrituëlen yn natoerreligys|offerrituëlen]] holden. Alle marae fan Tahity en de measte heiau fan Hawaiï waarden ferneatige troch warbere Westerske [[misjonaris]]sen, dy't fan 'e midden fan 'e 19e ieu ôf de eilannen fan 'e [[Stille Súdsee]] berikten.
 
De [[Navajo]], út 'e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Arizona, bouwe gjin timpels, mar hawwe in hiel aparte manear ûntwikkele om mei de goaden te kommunisearjen, nammentlik troch it meitsjen fan saneamde sântekenings. Sântekenings binne tydlike skilderijen fan droegedrûge en mealde materialen, dy't binnendoar op 'e flier makke wurde. Se byldzje it Hillige Folk út en tsjinje as alter. Der binne mear as achthûndert ferskillende, minusjeus fêststelde sântekenings, elk ferbûn mei beskate hillige lieten, gebedens en seremoanjes.
 
== Sjoch ek ==