Tipy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
De ûnderkant fan it kanvas (of de hûden) wurdt mei hjerringen oan 'e grûn fêststutsen. By waarm waar kin men dêr in iepening litte sadat der wat frisse lucht binnen komme kin. De ûnderkant fan 'e peallen dy't gjin diel útmeitsje fan 'e oarspronklike trijepoat kinne nei binnen of nei bûten ta ferskood wurde om it kanvas of de hûden strak te lûken. Binnenyn 'e tipy wurdt dan op hollehichte in koarde by de peallen lâns helle, dêr't men (winterdeis) in fuorring fan kanvas of hûden oan fêstmeitsje kin, wêrfan't de midden dan omleech treaun wurdt nei de grûn. Sa hâldt men siging en ûngedierte bûtendoar. Boppe-yn 'e tinte sit in reekgat, sadat der winterdeis binnendoar iten sean en in fjoer foar waarmte oanstutsen wurde kin. In luif (''ozan'', yn it Lakota) kin foar dat gat lutsen wurde om rein tsjin te hâlden.
 
Tipys wiene ûntwurpen om maklik yn it opsetten en ôfbrekken te wêzen en tagelyk noflik om te ferfieren. In Yndiaansk doarp op 'e Grutte Flakten koe binnen in oere op 'en paad wêze, mei de tintpeallen en hûden op ''[[travois]]'' laden, dy't yn 't earstoan troch [[hûn]]en en letter troch [[hynder]]s lutsen waarden. In tipy wie makke fan duorsume materialen, hold de minsken droechdrûch en waarm yn 'e winter, en koel yn 'e simmer. Moderne tipys binne gauris fersierd mei kleure patroanen, mar fan âlds kaam dat mar komselden foar.
 
{{boarnen|boarnefernijing=