Wetterplant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
[[File:Nymphaea alba.jpg|right|thumb|250px|De [[blom]] fan 'e ''[[Nymphaea alba]]'', in [[soarte]] fan [[wetterleelje]].]]
In '''wetterplant''' is in [[plant]] dy't yn [[wetter|oerflaktewetters]] libbet, itsij yn [[swiet wetter]], itsij yn [[seewetter|sâlt wetter]]. Sokke planten wurde ek wol '''hydrofyten''' (letterlik "wetterplanten") of '''makrofyten''' neamd. Se hawwe har oanpast oan in tydlik of kontinu [[submersk]] (ûnderwettersk) bestean en groeie dêrmei op plakken dy't sa fochtich binne dat planten dy't oanpast binne oan it bestean op it lân der net oerlibje kinne. Oarsom kinne wetterplanten wer net op droechdrûch lân libje.
 
Wetterplanten hearre yn 'e [[taksonomy]]ske yndieling fan it [[planteryk]] frjemd genôch foar it grutste part ta de [[lânplanten]] (''Embryophyta''), mei't de measte [[algen]] tsjintwurdich net mear ta de [[planten]] (''Plantae'') rekkene wurde, mar ynstee ta de supergroep fan 'e [[oerplanten]] (''Archaeplastida'' of ''Primoplantae''), wêrbinnen oft se op gelikense hichte steane mei de "echte" planten. Dat yn acht nommen, kin [[seewier]], dat eins in [[mearselligen|rjusellich]] soarte fan see-alch is, dus eins net ta de wetterplanten rekkene wurde.