Ferskil tusken ferzjes fan "Nêzjd"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[File:Tuwaiq_Escarpment-14h38m25s-k.jpg|left|250px|thumb|In útsicht út it westen wei op it steile Tûwaik-plato. Ar-Riaad leit krekt oer de kime.]]
 
It [[Arabysk]]e wurd ''nêdjd'' betsjut letterlik "heechlân", en histoarysk waard it brûkt foar ferskate kontreien op it [[Arabysk Skiereilân]]. Meitiid waard it lykwols wenst om it inkeld noch foar de krite yn 'e midden fan it skiereilân te brûken. Sa't de namme al oanjout is de Nêzjd in plato dat tusken de 762 en de 1.525 m boppe seenivo leit. Yn it easten is it gebiet fruchtberder en lizze in protte [[oäze]]n, mar de rest fan 'e kontrei is kleare [[woastyn]], dêr't fan âlds inkeld [[nomade|nomadyske]] [[bedoeïnen]] mei har [[kamiel]]en taholden. Yn it noarden, deunby Hayl, leit it [[Djebel Sjammar]]berchtme. It lân wurdt trochkrúst troch ferskate droegedrûge [[rivier]]bêden of [[wady]]s, lykas de Wadi Hanifa by Ar-Riaad, de Wadi Na’am yn it súden en de Wadi al-Rumah yn it noarden. De measte delsettings binne by sokke wadys lâns fêstige, om't dêr faak ûndergrûnske wetterfoarrieden te finen binne.
 
==Demografy==
17.653

bewurkings