St. Louis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
[[File:Apotheosis-of-saint-louis.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld (yn St. Louis) fan 'e hillich ferklearre kening [[Loadewyk IX fan Frankryk|Loadewyk IX]] fan [[Frankryk]], nei wa't St. Louis neamd is.]]
[[File:St louis.jpg|left|thumb|200px|In byld fan it sintrum fan St. Louis , mei op 'e eftergrûn de ''[[Gateway Arch]]''.]]
St. Louis leit yn it gebiet dat it sintrum wie fan 'e saneamde [[Mississippiaanske kultuer]] fan 'e [[Heuvelbouwers]]. Dat wie in heech ûntwikkele maatskippij dy't syn hichtepunt berikte tusken [[1000]] en [[1100]], mar dy't fan [[1150]] ôf yn it neigean rekke troch in feroarjend, droegerdrûger [[klimaat]], dat foar [[hongersneed]] soarge. Yn [[1541]] waard de krite foar it earst besocht troch in [[Jeropa|Jeropeeske]], [[Spanje|Spaanske]] ekspedysje, ûnder lieding fan [[Hernando de Soto]]. De ierste kolonisten, dy't har yn 'e 1690-er en 1700-er jierren yn it gebiet nei wenjen setten, wiene almeast [[Frankryk|Frânsen]], mei't wat letter de steat Missoury wurde soe, doe noch ta de grutte Frânske koloanje [[Louisiana (Frânske koloanje)|Louisiana]] hearde. Yn [[1764]] waard troch twa fan dy Frânske kolonisten, [[Pierre Lacècle]] en dy syn styfsoan [[Auguste Chouteau]], in delsetting stifte dy't se ''Saint-Louis'' neamden, nei [[Loadewyk IX fan Frankryk|Loadewyk IX]], de iennichste Frânske kening dy't [[hillige|hillich ferklearre]] is.
 
It jonge St. Louis dielde yn 'e lotgefallen fan hiele Louisiana, dat yn [[1764]] yn Spaanske hannen kaam, en ûnderdiel waard fan it ûnderkeninkryk [[Nij-Spanje]] (it hjoeddeiske [[Meksiko]]). Yn [[1800]] moasten de Spanjerts it wer ôfstean oan Frankryk, mar [[Napoleon]], dy't doe yn [[Parys]] de leie yn 'e hannen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn in die dy't yn Frankryk noch altiten beskriemd wurdt, besleat er genoegen te nimmen mei it op ien nei bêste, en ferkocht er hiele Louisiana (dat fan 'e Mississippy-mûning by [[New Orleans]] oant de [[Kanada|Kanadeeske]] grins rikte) oan in oare fijân fan 'e Britten: de Feriene Steaten. Dy saneamde [[Louisiana-oankeap]], út [[1803]], joech de Amerikanen de earste oanset ta wat se letter as harren lotsbestimming beskôgje soene, nammentlik om it [[Noard-Amearika|Noardamearikaanske kontinint]] fan kust ta kust te oerhearskjen.