Isaac Newton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L tekst foto
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 38:
It is oan [[Edmund Halley]] te tankjen dat de Principia ta stân kaam. By in besite fan Halley yn 1684 oan Newton brocht dizze it fraachstik fan de planeetbewegingen nei foaren. Newton fertelde dat hy dat fraachstik al jierren earder oplost hie mar dat hy noch net tefreden wie mei syn berekkenings. Halley slagge der doe yn Netwon te oertsjûgjen fan it belang fan syn publikaasjes fan syn ideeën foar de wittenskip. Newton liet him oerhelje en sette syn ideeën op papier. Doe't yn 1686 it earste diel klear kaam, lei Halley dat foar oan de Royal Society yn [[Londen]]. Sy hienen lykwols gjin jild om it út te jaan. Halley naam doe de ferantwurdlikheid foar de publikaasje op him en wist diels út eigen bûse it jild op it kleed te krijen. Doe't Newton drige te stopjen mei skriuwen fanwege in bernige rûzje mei in kollega wie it wer Halley dy´t as in diplomaat alle minsken wer te bedimje koe. Halley ferbettere ek de drukproeven fan de Principia en skriuwde foar de ynlieding in lofrede yn it Latyn.
 
Newton ûntwikkele yn 1671 in ferbettere ferzje fan de spegelteleskoop. Dat stelde him yn staat mei in koartere buis in skerper byld te krijen. Mei de publikaasje fan de Principia waard Newton algemien erkend as de liedingjouwende natuerfilosoof fan de [[17e ieuiuw]]. Mar syn kreative karriêre wie oer syn hichtepunt hinne. Hy krige in senuwynsinking en dêrom ferruile hy wittenskiplik ûndersyk foar in funksje by de oerheid yn Londen. Yn 1696 waard hy opsichter fan de keninklike munt en yn 1699 sels direkteur. Hy hâlde tasicht op de grutte Ingelske jildfoarsjenning, hy hie gjin genede mei falskemunters.
 
== Syn dea ==