Wiskunde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Wiskunde''' wurdt yn it algemien definiearre as de stúdzje fan patroanen fan struktueren, feroaring en romte; ynformeel soe sein wurde kinne dat it de stúdzje fan [[getal]]len en [[nûmer]]s is. Yn de formalistyske opfetting is it ûndersyk fan aksiomatysk definiearre abstrakte struktueren fêstlein yn logyske en matematyske notaasjes.
 
Yn de measte talen ([[Ingelsk]]: ''mathematics''; [[Dútsk]]: ''Mathematik''; [[Frânsk]]: ''mathématiques'') is it wurd foar wiskunde ôflaat fan it [[Gryksk]]e wurd μάθημα (''mathèma''), dat wittenskip, kennis of leare betsjut. It [[Nederlânsk]]e wurd ''wiskunde'' is troch [[Simon Stevin]] yn de [[17e ieuiuw]] as ''wisconst'' (kuenst fan it gewisse of it sekere) oan dizze wittenskip ferbûn.
 
In protte ûnderwerpen fan stúdzje yn de wiskunde fine harren oarsprong yn oare [[eksakte wittenskip]]pen as de [[natuerkunde]] en de [[astronomy]]. Wiskundigen bestudearje ek matematyske struktueren en ûnderwerpen om [[estetika|estetyske]] redenen of om in mear algemiene oplossing te finen foar besibbe fraachstikken op ferskate dielmêden. Der wurdt hjirby ûnderskied makke tusken de teoretyske en de tapaste wiskunde.