Brazylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 42:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Brazil-16-map.jpg|left|thumb|150px|Alde kaart fan Brazylje út [[1519]]]]
Brazylje waard al yn it [[8e millenium f. Kr.]] bewenne troch [[Yndianen]]. Om-ende-by [[1500]] arrivearren de earste [[Jeropa|Jeropeanen]] yn de kustgebieten, dy't yn de [[17e ieuiuw]] [[Portegal|Portegeesk]] besit waarden.
 
Yn [[1807]] flechte it Portegeeske keninlik hûs foar de legers fan [[Napoleon]] nei Brazylje. Fan dat stuit ôf waard Rio de Janeiro de facto de haadstêd fan it Portegeeske ryk. De nasjonale bibleteek waard oprjochte en de earste universiteiten stiften. Doe kening [[Johan VI fan Portegal|Johan IV]] yn [[1821]] nei Portegal werom kearde bleau syn soan Peter efter yn Brazylje. Yn 1822 proklamearre hy de ûnôfhinklikens fan it memmelân en ferkleare himsels ta keizer Peter I. Trije jier letter waard de ûnôfhinklikens erkend. Yn 1831 waard keizer Peter I opfolge troch Peter II. Mei de eksport fan [[kofje]] begûn de ekonomyske bloei. Yn 1889 brocht de nije elite fan kofjebaronnen de monargy ten fal en stelde in federale republyk yn.