Joaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771644 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Rigel 8:
Sûnt de opkomst fan it [[nasjonalisme]] en de [[Ferljochting]] by folkeren om har hinne, hawwe de joaden ek in feroaring ûndergien wêrtroch in protte harren mear as in etnyske of etno-religieuze mienskip yn oare folken beskôgjen gean binne. Doe koe it dielnimmen oan alle aspekten fan it maatskiplik libben ek tanimme. Benammen is fan East- en Sintraal-Jeropa út, dêr't it steechste [[antisemitisme]] foarkaam, in Joadske nasjonale beweging ûntstien, it [[Zionisme]], dat bydroech oan de groei fan de Joadse mienskip yn it doetiidske [[Ottomaanske Ryk|Ottomaanske]] en letter [[Feriene Keninkryk|Britske]] mandaatgebiet Palestina en lang om let oan de stichting fan de steat [[Israel]] yn [[1948]].
 
Foar de [[Twadde Wrâldkriich]] berûn it oantal Joaden yn de wrâld sa'n 18 miljoen. Nei de massamoard ([[Holocaust]]) troch de [[nazi|nazi's]] yn de Twadde Wrâldoarloch wiene dêr noch sa'n 12 miljoen fan oer. Hjoedendei wurdt it tal joaden roesdrûsd op 13,0 oant 14,6 miljoen. At útgien wurdt fan de lege skatting (13,0 miljoen yn 2005) wenje likernôch 5,7 miljoen yn [[Noard-Amearika]] (dêrfan 5,3 miljoen yn de [[Feriene Steaten]] en 0,4 miljoen yn [[Kanada]]), 5,3 miljoen yn [[Aazje]] (dêrfan it measte part yn [[Israel]]), 1,5 miljoen yn [[Jeropa]] (dêrfan 0,5 miljoen yn [[Frankryk]]), 0,3 miljoen yn [[Súd-Amearika]], 0,1 miljoen yn [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]]/[[Oseaanje]] en likernôch likefolle yn [[Afrika]].
 
== Joaden yn Fryslân ==