Hikke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771633 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Rigel 7:
By hikken dy't op dammen oanbrocht binne dêr't relatyf in protte ferkear te ferwachtsjen is, lykas yn [[natoer]]gebieten, leannet it om metalen knieren oan te bringen dêr't se op draaie kinne. De hikspeallen moatte dan wol fan in swierder kaliber wêze as dat gebrûklik is, mei't it hiele gewicht fan 'e hikke dan op ien peal rêst as de hikke iepen stiet. Ornaris wurde hikken lykwols iepene en sletten troch oan ien kant it tou los te meitsjen en se iepen te draaien troch de oare daamspeal mei touwen as [[knier]] te brûken. Om't se breder binne as de romte tusken de peallen, kinne hikken mar ien kant út iepene wurde. [[Boer]]en ergerje har faak grien en blau oan [[doarp]]slju of [[stedsjer]]s dy't om 'e iene of de oare reden op har lân wêze moatte, en dan hikken wol iepen, mar net wer tichtdogge; as in hikke tichtbûn stiet, hat dat in reden.
 
Der binne yn [[Fryslân]] ferskate soarten hikken dy't ôfwike fan 'e standertfariant. Sa komt yn 'e [[Wâlden]] bygelyks de [[wringe (stek)|wringe]] foar. Dat is in tige ienfâldige fariant fan 'e hikke, mei't men yn 'e Wâlden seit: "In peal mei in prikke is in wâldmanshikke". Fierders wurdt in hikke om it [[hiem]] fan in [[pleats|boerepleats]] of in [[state]] mei ôf te sluten fan 'e [[ferhurde wei|iepenbiere dyk]] in [[homeie]], hameie, homei of hamei neamd ([[Biltsk]]: ''hogemei'', fan it [[Frânsk]]e ''hamée''). De homeie komt foar yn âlde [[hier]]kontrakten; hy moast troch de [[pachter]] ûnderholden en by it ferhúzjen oan 'e opfolger oerdroegen wurde, inkeldris tsjin de roesderûsde wearde.
 
== Sjoch ek ==