Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771624 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Rigel 5:
Sjamanisme komt yn 'e hiele wrâld foar by folken dy't [[natoerreligys]] oanhingje, yn 'e [[Amearika]]'s, [[Afrika]] besuden de [[Sahara]], [[Súd-Aazje|Súd-]], [[East-Aazje|East-]] en [[Súdeast-Aazje]] en [[Oseaanje]], It is lykwols it meast fiergeand ûntwikkele en ek it bêst bekend en beskreaun by folken yn [[Sibearje]], [[Sintraal-Aazje]] en it [[Arktysk gebiet]]. It wurd "sjamaan" is dan ek fan [[Toengoesk]]e oarsprong. Iroanyskernôch komme hjoed de dei echte, kundige sjamanen by de Sibearyske folken hast net mear foar, in beërf fan 'e minachting fan 'e [[kommunisme|kommunisten]] foar wat se as religy of byleauwe seagen. It kompleks fan leauwensoertsjûgings om 'e persoan fan 'e sjamaan hinne bestiet lykwols noch wol fuort.
 
It lân dêr't it sjamanisme tsjintwurdich it measte foarkomt en dêr't it it minste mei oare godstsjinsten fermingd rekke is, is [[Súd-Korea]]. Hoewol't it troch it moderne ûnderwiis min of mear stigmatisearre is as byleauwe, is it dêre oant hjoed de dei ien fan 'e aktyfste kulturele krêften bleaun. Neffens offisjele sifers binne der mear as 40.000 sjamanen, dy't yn it [[Koreaansk]] ''mudang'' neamd wurde, mar nimmen twifelt deroan dat it der eins folle mear wêze moatte; om't de measte sjamanen har net registrearje litte, wurdt der roesdrûsd dat harren echte oantal tichter by de 100.000 leit.
 
== Oansjen ==