Planten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771614 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Rigel 52:
 
==De rol fan planten==
Hoewol't sekuere sifers dreech fêst te stellen binne, waard der yn [[2010]] roesdrûsd dat der tusken de 300.000 en 315.000 ferskillende [[soarte|plantesoarten]] op 'e wrâld binne. De grutte mearderheid dêrfan, rûchwei 260.000 oant 290.000, bestiet út [[siedplanten]]. Planten foarmje in krúsjaal en ûnmisber diel fan 'e [[ekology|wrâldekology]], mei't se it grutste part fan 'e beskikbere [[soerstof]] produsearje en iten foar alle [[heterotroof|heterotrofe]] organismen foarmje (dy't har enerzjy út 'e konsumpsje fan oare organismen helje). Sels de útslutende [[karnivoar]]en ûnder de [[bisten]] binne dochs noch yndirekt fan planten ôfhinklik om't harren [[proaidier]]en (of de proaidieren fan 'e proaidieren, ensfh.) derfan libje. Planten dy't [[nôt]], [[frucht (plant)|fruchten]], [[griente]]n en oare ytbere dielen produsearje, wurde al milennia lang troch de [[minske]] domestisearre. Oare planten wurde brûkt om te pronk te setten ([[sierplant]]en), en oant frij resint tsjinnen se as de boarne fan hast alle [[medisinen]].
 
== Klassifikaasje fan planten ==