Minnemahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
Rigel 2:
It '''Minnemahûs''' of '''Minnemastins''' wie in stedsstins op de hoeke fan de Foarstreek en de Minnemastrjitte, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
It boujier fan de oarspronklike [[stins]] is net bekend, mar wie mooglik al yn de [[12e ieuiuw]]. Neist de famyljes Cammingha en Burmania foarmen de Minnema’s it tredde autochtoane [[haadling]]enlaach fan de stêd Ljouwert, alteast binnen de grêften. De Burmania’s behearsken [[Aldehou (doarp)|Aldehou]] ([[Burmaniahûs]]) en de Cammingha’s wienen eigeners fan [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]] ([[Amelânhûs]]) en in grut stik fan it noardlike diel fan Nijehou (Camminghahûs 1 of Aed Levwerd en Julius van Gheelhûs). It territoarium fan de Minnema’s grinze oan it steedlik (hannels)sintrum op de súdlike terp fan [[Nijehou]] en oan de grutste transportrûtes nei it noarden ([[Dokkumer Ie]]) en easten (Flyt).
 
Yn 1406 wurdt in Minnema neamd dy't rjocht sprekt en yn [[1442]] is Sipko Minnema skepen fan de stêd. Yn 1500 is Frans Minnema [[âlderman]]; de heechste baas yn de stêd.
 
Yn de jierren 80 fan de 19e ieuiuw waarden kape en souderflier sloopt, wêrnei't it pân in ferdjipping ferhege waard en in nije flak beëinige kape krige, sa riisde it hûs wer as fanâlds boppe de gebouwen der omhinne út. Nije finsters en in pleisterdekoraasje oer it hiele front joegen de bûtenkant in folslein 19e ieuskiuwsk oansjen. It docht jin gjin nij dat it midieusksemidsiuwske karakter net mear ûnderkend waard en it pân yn 1960 sûnder protest sloopt wurde koe.
 
== Bewenners ==
* famylje Minnema
* 1442 Sipko Minnema
* ein 15e ieuiuw Frans Minnema
* tot 1512 Tryn Liauckama, widdo Frans Minnema
* 1512 - ? Luttzie Harinxma, widdo Schelte Liauckama
Rigel 20:
* 1618 - ? Gerlant fan Liauckama
* 1650 fam. Van Scheltinga
* ein 18e ieuiuw Daniël de Blocq fan Haersma
* ? - 1830 Wiskje fan Haersma
* 1830 - ? Leendert Beugelaar