Porfyrius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
Rigel 30:
Doe't er yn [[273]] fannijs yn Rome arrivearre, begûn er sels as filosoof en learmaster te wurkjen. Teffens foltôge er in edysje fan it folsleine oeuvre fan Plotinus (de ''Enneäden''), dy't yn 'e tuskentiid ferstoarn wie. Ek skreau er in [[biografy]] fan syn master, dy't er by wize fan foarwurd oan 'e ''Enneäden'' tafoege en dêr't it meastepart fan 'e hjoeddeistige kennis oer Plotinus oan ûntliend is. Yn âlde neoplatoanyske geskriften wurdt [[Iamblichus]] neamd as in learling fan Porfyrius, mar nei alle gedachten betsjutte dat inkeld dat dyselde it dominante lid fan 'e folgjende generaasje filosofen wie, en hoecht it net te sizzen dat er ek wier-wier by Porfyrius yn 'e lear gien wie. De beide mannen hiene in publyklik skeel oer de kwestje fan [[teürgy]] (de útfiering fan rituëlen om 'e goaden ta aksje oan te setten, lykas [[gebed]]ens, [[offer]]jeften, ensfh.).
 
Porfyrius wie in tsjinstanner fan it [[kristendom]] en in ferdigener fan it [[heidendom]]. Tsjin 'e ein fan syn libben skreau er ''Kata Christianou'' ("Tsjin de Kristenen"), dat fyftjin boeken omfette. Dêryn erkende er [[Jezus Kristus]] as in treflik filosoof, mar net as [[profeet]] en alhielendal net as in [[god]], hoewol't [[Augustinus fan Hippo]] en de [[5e ieuiuw|fyfdefiifde-ieuskeiuwske]] [[tsjerke]][[histoarikus]] [[Sokrates fan Konstantinopel]] letter útholden dat Porfyrius earder sels in skoft kristen west hie. ''Kata Christianou'' waard nei Porfyrius syn ferstjerren ferbean troch de kristlike keizer [[Konstantyn de Grutte]], en yn [[435]] (en jitris yn [[448]]) befoel [[Teodoasius II]] dat alle kopyen fan dat wurk ferbaarnd wurde moasten. Sadwaande is alles dat der tsjintwurdich noch fan bekend is (en dat is frijwat) iroanysk genôch oerlevere troch kristlike skriuwers as [[Eusebius fan Sesaréa]], [[Apollinaris fan Ravenna]] en [[Hieronymus fan Stridon]], dy't withoefolle sitaten fan Porfyrius oanhellen sadat se dy wjerlizze koene.
 
===Priveelibben en ferstjerren===