Irenaeus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
Rigel 1:
[[Ofbyld: Saint_Irenaeus.jpg|thumb|Irenaeus]]
'''Irenaeus''' (om-ende-by [[140]] - [[202]]) wurdt tsjintwurdich beskôge as de earste grutte [[teolooch]], en grûnlizzer fan it [[kristendom|kristlike]] tinken. Hy wie biskop fan [[Lyon]] yn de [[2e ieuiuw]] en hat mei syn wurk fan grutte betsjutting west foar de iere Kristlike Tsjerke. Mei syn [[ferlossingsteory]] hat er it fûnemint lein foar de kristlike teology. Irenaeus stie ek bekend om syn striid tsjin de [[Gnostisisme|gnostisy]].
 
== Libben ==
Rigel 11:
 
=== Adversus haereses ===
Yn ''Adversus haereses'' (tsjin de ketters) hat Irenaeus in soad krityk op de gnostisy, dy't neffens him in [[ketterij|ketterske]] streaming yn'e tsjerke wienen. Oars as Irenaeus leauden de gnostisy dat de minske yn syn djipste wêzen ien is mei it godlike. Sy seagen de ferlossing út de "boaze" wrâld benammen as it bewust wurden fan dy ienheid mei God. By harren stie de ''Godserfaring'' sintraal. Mei dizze opfetting wie Irenaeus it folslein ûniens. Hy skriuwt yn syn wurk dat de ferlossing krekt it wurk west hat fan [[Jezus Kristus]] en dat syn dea en opstanning de wei iepene hat nei it ieuwigeivige libben.
 
Irenaeus hat de earste belidenis fan it leauwen op skrift steld. Syn belidenis liket wol wat op it [[apostolicum]], dy't tsjintwurdich lêzen en leard wurdt yn de measte tsjerkegenoatskippen. Neffens Irenaeus wie God in goede Skepper dy't in goede wrâld makke hat, mar dat de harmony dy´t der earder wie troch de minsken troch de [[sûndefal]] fersteurd waard. Jezus Kristus, lang om let, is de ienige echte [[Ferlosser]]. En de minske kin allinich folslein ferlost wurde troch it leauwen yn it minskwurden fan de Soan fan God.