Leybocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q883576
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
Rigel 11:
Nei de [[stoarmfloed]]en fan [[1374]] en [[1376]] ûntstie de baai mei in oerflak fan likernôch 129 kante kilometer. De baai rike doe fan Grytsjesyl yn it westen oant [[Marienhave]] yn it easten, en fan [[Norden]] yn it noarden oant [[Canhusen]] yn it suden.
 
Yn de ieueniuwen dêrnei waarden grutte parten fan de baai [[polder|ynpolderre]], sa dat de Leybocht sûnt [[1950]] harren hjoeddeiske grutte behelle hat. De lêste lânwinning op de baai waard dien yn de jierren [[1947]] - 1950 mei de bou fan de Störtebekerdyk, wêrmei de [[Leybochtpolder]] yndykt waard. Dat in grut part fan it lân ynpoldere is noch goed te sjen op kaarten. Yn it gebiet steane amper doarpen of hûzen.
 
Yn de jierren nei de lêste ynpolderingen hawwe der plannen west om de hiele baai yn te polderjen. Sa kin de dyklinie bot ferkoarte wurde en kin it lân better beskerme wurde tsjin de see. Dizze plannen binne nea trochset op grûn fan natuerbeskerming.